Cambuur ferliest fan Zwolle
FC Zwolle-Cambuur is snein einige yn 2-0. De einstân waard troch twa treffers fan Schreurs mei rêst al helle. It grutte ferskil tusken beide ploegen lei yn it benutten fan de kânsen. Ek Cambuur krige kânsen, mar Zwolle gie der better mei om.
Tsjin de ein hoegde Zwolle net mear en koe Cambuur troch it lege tempo yn it spul net mear. De lêste wedstriid fan Cambuur foar de winterstop is oansteande freed tsjin FC Emmen.
Trefwurden:
argyf