Krystpakketten foar minima

12 des 2010 - 13:06

De Stichting Sociaal Noodfons Dongeradeel sil oare wike sa'n hûndert krystpakketten útdiele oan minsken yn de gemeente dy't fan in minimum ynkommen libje moatte. Undernimmer en multymiljonêr Romke Kooijenga fan Dokkum is ien fan de sponsors.

De pakketten binne bedoeld foar minsken dy't dit jier mei súkses in berop dien hawwe op de stifting. Ek minsken dy't iten krije fan de Voedselbank koene in krystpakket oanfreegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)