Beammen kapt by de Slotpleats

Natuermonuminten wol dit bosk úttinje
Natuermonuminten is fan doel om in part fan it bosk yn natuergebiet de Slotpleats te kappen. It doel is om it bosk sa natuerliker te meitsjen. Under oare beammen by de slink moatte fuort. Sa kin mear sinneljocht by de grûn komme, wat goed is foar jonge beammen.
Ek wurde der beammen kapt om romte te meitsjen foar de hunningfalk. Dat is in rôffûgel dy't net safolle mear foarkomt. Ofrûne wykein koene minsken út de omjouwing fan Bakkefean meidwaam oan in ekskurzje yn 'e bosk.