Soargen oer ferkeap fabryk

It proeffabryk fan Helianthos yn Gelderlân wurdt ferkocht
Fryslân sjocht gjin kâns de ferkeap fan sinneselfabryk Helianthos troch enerzjybedriuw Nuon op te kearen. Doe't Fryslân en Gelderlân de oandielen yn Nuon ferkochten oan it Sweedske bedriuw Vattenfall, binne ôfspraken makke oer de produksje fan griene enerzjy. De fraksje fan GrienLinks is benaud dat Vattenfall mei de ferkeap fan it sinneselfabryk dy ôfspraken neist him delleit.
Beide provinsjes hawwe Vattenfall frege om mear iepenheid oer de ferkeap.