Priis foar fioeliste Lamsma

12 des 2010 - 10:36

De 25-jierrige fioeliste Simone Lamsma fan Burgum hat de klassike muzykpriis fan de Vereniging van Schouwburgen en Concertgebouwdirecties wûn, yn de kategory nije generaasje musisy.

De priis waard sneontejûn útrikt yn De Oosterpoort yn Grins. Boargemaster Polderman fan de gemeente Tytsjerksteradiel rikte de priis út. Simone Lamsma waard fia in fideo-boadskip lokwinske troch Jaap van Zweden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)