Winst Berga en Zielman

11 des 2010 - 22:29

Ingmar Berga hat sneon de achtste maraton om de KPN Cup wûn. De Hoogevener wie yn Breda de rapste fan in njoggen man sterke kopgroep. Crispijn Ariëns en Douwe de Vries, beide fan It Hearrenfean, waarden twadde en tredde. Arjan Stroetinga wûn de sprint fan it peloton en waard 10e.

Carla Zielman wûn by de froulju de massasprint. Foar de ynwenster fan Rottum wie it de tredde oerwinning. Foske Tamar van der Wal waard twadde, Mariska Huisman tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)