Boek Huisman presintearre

Der waarden sneon 2600 boeken ynpakt en ferstjoerd (foto Marijke van den Hoek)
Ald-kommissaris fan 'e Keninginne Hans Wiegel krige sneon yn Warkum it earste eksimplaar fan it boek Jopie de Verteller. It giet om in bondel mei 44 ferhalen fan 'e Warkumer skilder Jopie Huisman. Hy skreau de ferhalen sa'n tsien jier lyn. Mei it boek wol it net-subsidiearre museum jubileumjier 2011 úteinsette.
Alle 45 frijwilligers fan it museum wiene by de boekpresintaasje oanwêzich.