Aldfuotballer De Haan omkommen
Ald-Cambuurfuotballer Gerard de Haan (43) fan Tsjalbert is freedtejûn let om it libben kaam by in ferkearsûngelok op de Bornego yn syn wenplak. Syn auto waard troch passanten op de kop yn de feart ûntdutsen.
De auto moast mei in kraanwein út de feart takele wurde. De helptsjinsten hawwe noch besocht de man te reanimearjen, mar dat slagge net mear.