Nije houten brêge: Duvelsrak

Dizze brêge hjit tenei Duvelsrak (foto: Wim Walda, Grootsneek.nl)
Duvelsrak. Dat is de namme fan de twadde houten brêge yn de rûnwei fan Snits. De brêge is ien fan de oanpassings dy't soargje moat foar in bettere trochstreaming fan it ferkear yn Snits.
Fiif jier lyn wiene der noch sân krúspunten, in spoarweioergong en in brêge oer De Geeuw. It is foar it earst dat provinsje, gemeente en Rykswettersteat gearwurke hawwe yn sa'n grut projekt. Sneontemiddei waard de rûnwei offisjeel iepene.