Rûnwei iepene mei flashmob

De Snitser flashmob (foto Rudy Bouma, 112 Nederlân)
De rûnwei yn Snits is sneontemiddei offisjeel iepene. Mei film, optredens en in flashmob yn de binnenstêd is fierd dat it wurk klear is.
Yn de flashmob dûnsen hûnderten Snitsers tagelyk. Yn it geheim is de lêste wiken oefene yn sportsealen, dûnsskoallen en ek thús oan de hân fan in ynstruksjefilmke op YouTube.