Ljouwerter oppakt nei flybjen
In 37-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oppakt omdat er in 31-jierrige man yn it gesicht flibe. Beide manlju kamen inoar tsjin op de Kwartelstrjitte. In tsjûge holp de 37-jierrige Ljouwerter oan te hâlden.
Op de Ljouwerterwei yn Snits hat de plysje in man oppakt dy't boppe-op in oare man siet en him yninoar sloech. Doe't de plysje de 23-jierrige Snitser fan it slachtoffer ôfhelle, biet er in plysjeman yn de earm.
Trefwurden:
argyf