Frisia docht sâlt op rantsoen

Frisia Sâlt helpt foarearst allinnich fêste klanten
It giet hiel hurd mei de foarrieden fan Frisia Sâlt yn Harns. Ferline jier is de winter betiid begûn en ek dit jier is der al op 'e tiid struid. Frisia Sâlt fernimt dat der op it heden in soad fraach is nei struisâlt, mar Frisia kin net oan de fraach foldwaan.
Partijen dy't gjin kontrakt mei Frisia hawwe kinne gjin struisâlt mear fan it bedriuw krije. Frisia is dan ek tige wiis mei it teiwaar fan dit wykein.