Sjoerd de Vries wint B-groep

11 des 2010 - 12:06
Sjoerd de Vries

Sjoerd de Vries hat yn it Japanske Obihiro de 1000 meter yn de B-divyzje fan de wrâldbeker wûn. De reedrider fan Twellingea ried 1.10.55. Mei dy tiid hie er sechsde wurden yn de A-groep. Dêr gong de winst nei Shani Davis yn 1.09.57.

Op de 500 meter wie it net in bêste dei foar de beide Fryske froulju. Thijsje Oenema waard 17e yn 39.52, Anice Das 23e yn 39.83. Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä wûn yn 38.18.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)