Nije karriêre Doutzen Kroes

11 des 2010 - 11:15

Topmodel Doutzen Kroes is dizze wike foar it earst op tillevyzje te sjen as presintatrise. Omdat se yn jannewaris in poppe ferwachtet koe se dit jier net meirinne yn de show fan linzjerymerk Victoria's Secret. Dêrom naam se dit jier de presintaasje fan de show foar har rekken.

Tongersdei wurdt de show útstjoerd op Net5. In dei earder wurdt in ynterview mei it model út Eastermar útstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)