Tsjalberter ferûngelokke

In 43-jierrige man út Tsjalbert is freedtejûn let om it libben kaam by in ferkearsûngelok op de Bornego yn Lúnbert. Syn auto waard troch passanten op de kop yn de feart ûntdutsen.
De auto moast mei in kraanwein út de feart takele wurde. De helptsjinsten hawwe noch besocht de man te reanimearjen, mar dat slagge net mear. Yn Burchwert rekke tongersdei in frou út Ljouwert libbensgefaarlik ferwûne by in soartgelyk ûngelok.