Oanpak yllegale keamerferhier

10 des 2010 - 21:51

De yllegale en kriminele ferhier fan keamers yn Ljouwert moat oanpakt wurde. Dat wol de PvdA yn Ljouwert. Neffens de partij ha in soad wiken lêst fan yllegale keamerferhier. Yn de Vlietsône soe it it slimst wêze. Hjir binne in soad wenningen dêr't studinten wenje, mar ek by de Cambuursterhoek binne in soad hûskemelkers.

De ôfrûne wike waard in hûs ûntdutsen dêr't acht minsken wennen sûnder húske en dûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)