Armando yn Princessehof

De ynternasjonaal ferneamde keunstner Armando hat foar it Ljouwerter Princessehof keazen om syn earste keramyk te eksposearjen. De útstalling 'Het ontembare vuur' is freed iepene en kin noch besjoen wurde oan 3 april ta.
De 81-jierrige Armando is bekend as skilder, byldhouwer, toanielspiler, dichter, skriuwer en muzikant en is yn de winter fan syn libben dus ek noch keramist wurden. Hy toant oardel meter hege vazen, dy't er beskildere hat.