Rêding Cambuur noch net wis

De rêding fan Cambuur is noch lang net wis. Dat seit sakeman Ype Smid. Hy is de foarman fan in groepke minsken dat jild yn Cambuur stekke wol om de club fan in fallisemint te rêden.
Smid reagearret op de ferklearring fan de Ljouwerter wethâlder Florijn dizze wike. Dy sei dat de gemeente ûnder in tal betingsten boarch stean wol foar 750.000 euro. Under dy betingsten falt ûnder oaren dat de folsleine rie fan kommissarissen opstapt foar ein dit jier.