Stipe wurknimmers De Vries

De wurknimmers fan De Vries Kozijnen op De Gordyk krije bettere stipe by it sykjen nei oar wurk. Dat hawwe de fakbûnen ôfpraat mei de direksje fan it bedriuw. By De Vries krije 124 minsken dien, omdat it troch de krisis net goed giet mei it bedriuw.
Sy sille no troch in spesjalisearre buro holpen wurde om oar wurk te sykjen. Ek komt der in pot fan in heal miljoen euro foar opliedingen en kursussen en komt der in ferbettere oanfolling op de WW.