Drachtster himpkwekers pakt

10 des 2010 - 10:50

De plysje hat yn Drachten twa himpkwekers betrape. It giet om in ynwenner fan Drachten en ien fan Delft. Dy waarden trappearre by in ynfal yn in loads oan it Stuurboord.

De twa wiene dwaande mei it ferwurkjen fan himp. Se binne oanholden. De himp en de byhearrende apparatuer binne ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)