Soad fee yn loads Koudum

10 des 2010 - 08:23

Yn de útbaarnde loads oan it Bûtenskar yn Koudum stiene mear as hûndert hynders en mear as hûndert kij. In part dêrfan is omkaam, mar it is noch net dúdlik hoefolle. De brânwacht hat ek fee derút helle. Dat is it lân ynrûn en foar in part ek wer by elkoar brocht.

It fjoer bruts fan 'e moarn om healwei fiven út. Fiif brânwachtkorpsen binne útrukt. Se koene de loads net mear rêde en litte de saak kontrolearre útbaarne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)