Grutte brân yn Koudum
By in brân oan it Bûtenskar yn Koudum is in grutte loads ferlern gien. De brânwacht koe it gebou net rêde en lit it fjoer kontrolearre útgean. Yn de loads stie fee. In part dêrfan is om it libben kaam, in oar part koe der op 'e tiid úthelle wurde.
Om de brân te bestriden wurdt wetter twa kilometer fierderop oppompt. Tichterby wie der net wetter te krijen. De korpsen fan Koudum, Warkum, Bakhuzen, De Jouwer en Harns bestride it fjoer.
Trefwurden:
argyf