Feanster wint Hollywood reis

10 des 2010 - 00:41

Regisseur Dick Maas en haadrolspiler Egbert-Jan Weeber fan de film SINT kamen juster spesjaal foar Almer Bosma fan It Hearrenfean nei Fryslân. Yn in Porsche dy't ek yn de film foarkomt, riden sy foar by de Ljouwerter bioskoop Tivoli.

En sy kamen net mei lege hannen, want Bosma krige fan harren in sjek foar in reis nei Hollywood. De 20-jierrige Feanster wûn dy haadpriis mei in priisfraach oer de film dêr't 170.000 minsken út hiel Nederlân oan meidiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)