"25 brânwachtkazernes ticht"

Der is kâns dat 25 brânwachtkazernes yn Fryslân ticht moatte. Dat seit de Vakvereniging Brandweer Vrijwilligers. De Fryske ôfdieling seit de plannen fan de lieding fan de brânwacht te hawwen. Dêryn soe stean dat de boargers yn lanlike gebieten bêst wat langer op de brânwacht wachtsje meie.
Neffens de fakferiening is dat net allinnich yn striid mei de wetlike bepalings, ek is it in slimme bedriging fan de feiligens.