Keetprotest yn Den Haach

09 des 2010 - 22:58

In bus fol jongeren, jongerewurkers en fertsjintwurdigers fan de gemeente Wymbritseradiel sil tiisdei 14 desimber nei de Raad van State yn Den Haach foar in harksit oer it ketebelied.

De partijen út Wymbritseradiel binne yn heger berop gien tsjin in útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert. Dy dielde de miening fan de Keninklike Hoareka dat de keten ticht moatte, omdat sy foar ûnearlike konkurrinsje soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)