Oerfal: wer jonge oanhâlden

09 des 2010 - 17:00

Foar de oerfal op in âlder echtpear yn Drachten hat de plysje in fjirde fertochte oanhâlden. It giet om in jonge fan 16 jier út Drachten. Wat syn rol yn 'e saak is, moat noch ûndersocht wurde.

Der binne al earder trije oaren oanhâlden. Ien fan harren is fyftjin jier âld. De 15-jierrige bliuwt foarearst fêstsitten. It ûndersyk nei de oerfal is noch yn folle gong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)