VDL bout 51 bussen foar Arriva

Busferfierder Arriva hat de earste kaai krige fan de nijste bestelling bussen. Busbouwer VDL op It Hearrenfean makke de ôfrûne moannen 51 bussen foar de streekferfierder. De offisjele oerdracht fan 'e bus Ambassador wie tongersdei.
De oarder fan Arriva oan VDL wie foar in bedrach fan 10 miljoen euro. Foar it bedriuw betsjutte dat in heal jier wurk. De bussen ride fan nije wike ôf yn Gelderlân. VDL neamt it 'de skjinste bus op de wrâld'.