Nij: manager winkelstrjitte

Ljouwert krijt in manager winkelstrjitte foar de bestriding fan kriminaliteit tsjin ûndernimmers. De oanpak past yn it Keurmerk Veilig Ondernemen. It ministearje fan Ekonomyske Saken jout dêr 116.000 euro foar.
De winkelstrjittemanager moat klankboerd en bemiddelder wêze tusken ûndernimmers en gemeente. Ljouwert wol sa besykje bêste binnenstêd fan Nederlân te wurden. Dat moat yn 2015 syn beslach krije.