Winkelsintrum Bilgaard iepen

09 des 2010 - 16:12

Winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert is tongersdei offisjeel iepene. Goed fjouwer jier nei de grutte brân stiet der wer in nagelnij winkelkompleks. It nije sintrum is wat grutter as it âlde. It hat 42 winkels. Foar de brân wiene dat tritich.

De jierren nei de brân hawwe hiel dreech west foar de ûndernimmers. Der kamen folle minder klanten. No't it sintrum wer klear is, gean de ûndernimmers derfan út dat de klanten weromkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)