Heale maraton giet net troch

09 des 2010 - 14:00
In eardere edysje fan 'e Adventure Run

Snie en iis op It Amelân soargje dit wykein foar flink wat problemen by de Adventure Run. De paden op it eilân binne sa min dat de heale maraton net trochgean kin. De 10, de 5 en de 2 en 1 kilometer foar de jeugd kin wol trochgean, sa't it no liket.

De gemeente makket de rûtes skjin troch ûnder oare sân te struien. De organisaasjes besjocht freed oft de paden skjin genôch binne om de oare ôfstannen trochgean te litten. Der hawwe harren 3000 rinners opjûn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)