"Duorsume enerzjy kin faker"

09 des 2010 - 12:52

De provinsje hat muoite de eigen doelstellings fan duorsume enerzjy te heljen. Biogas bringt noch fierste min op. Der stean ek noch lang net genôch sinnepanielen yn Fryslân. Der soene tusken no en 2015 noch trettjin kear safolle by moatte. Oan de oare kant stean safolle projekten foar ierdwaarmte op priemmen dat dêr de doelstellings wol foar helle wurde.

De kommende tiid wol de provinsje ynsette op grien gas en dan benammen fan boeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)