Gjin hiv-besmetting MCL-tests

It MCL yn Ljouwert
Oan 'e fergese hiv-test yn sikehûs MCL yn Ljouwert hawwe 86 minsken meidien. De test wie fan 29 novimber oant 3 desimber. Net ien fan 'e ûndersochte minsken hie hiv. Dat hat it sikehûs tongersdei bekendmakke. It wie de earste kear dat it MCL de test fergees oanbea. Dat waard dien yn it ramt fan Wrâld-aids-dei op 1 desimber.
Foar de tests yn it MCL hiene 55 manlju en 31 froulju harren oanmeld. It sikehûs hâldt mooglik takom jier wer sa'n hiv-aksje.