Wende Snijders yn Skylgefilmke
Sjongeres Wende Snijders hat in haadrol yn in promoasjefilmke oer Skylge. Se fertelt dêryn wêrom't se it eilân sa moai fynt en wêrom't se dêr sa graach is.
Fan it filmke binne twa útfierings: ien fan tweintich sekonden en ien fan in minút. De koartste draait as reklamefilmke yn hast fyftich bioskopen. De oare is te sjen op de site thuisopterschelling.nl. It filmke is in inisjatyf fan de Stichting Marketing en Promotie Terschelling.
Trefwurden:
argyf