Man oerémis slacht op auto's

09 des 2010 - 10:38

In man (44) út Drachten is woansdei troch oare Drachtsters oanhâlden omdat er lestich wie. Hy stie op de rotonde oan de Stasjonswei en sloech op elke auto dy't foarby kaam. Doe't er ark fan wurkers oan de dyk pakke woe, hiene omstanners harren nocht. Twa manlju pakten him en bellen de plysje.

De Drachtster like bot yn 'e war te wêzen. De man is oerbrocht nei it plysjeburo. Hy wurdt tongersdei mooglik oerdroegen oan 'e GGZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)