Fytser (80) ferwûne by botsing

09 des 2010 - 10:24

In 80-jierrige fytser fan It Hearrenfean is woandei ferwûne rekke by in ûngelok op de Boargemaster Falkenawei yn syn eigen wenplak. In 78-jierrige automobilist, ek fan It Hearrenfean, soe linksôf en hie noch goed sjoen oft der gjin ferkear oankaam. Doe't er ôfsloech, seach er de fytser ynienen oankommen. Hy koe him net mear ûntwike.

De fytser rekke ferwûne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)