Ferlies foar Flyers
De iishockeyers fan de A6.NL Flyers hawwe woansdei de thúswedstriid tsjin Tilburch mei 6-2 ferlern. It ferskil waard yn de earste perioade al makke. Doe stie it al 4-0 foar de Destil Trappers. Yn de twadde en de tredde perioade waard it beide kearen 1-1.
De Flyers stean op sechsde plak op de ranglist mei fjirtjin punten út njoggen wedstriden.