Glêde diken troch sniebuien

09 des 2010 - 07:15

Snie- en hagelbuien soargje tongersdeitemoarn foar glêde diken rûnom yn de provinsje. Op de sneldiken, de provinsjale diken en op binnendykjes is it somtiden sjippeglêd.

Op de A7 by Tsjalbert is in buske tsjin de fangrail botst. Dêrby is in boufakker ferwûne rekke. Op de Wâldwei botste ek in auto tsjin de fangrail. Under Akkrum is op in binnendyk in auto yn it wetter rekke. Dêrby is net ien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)