Asylsikers dochs op strjitte

It asylsikerssintrum yn Drachten hat de ôfrûne dagen dochs útprosedearre asylsikers op strjitte set. Dat seit in tsjerklike wurkgroep yn Drachten. Woansdei joech minister Leers fan Ymmigraasje en Asyl noch oan dat dat net dien wurdt fanwege it winterwaar.
Neffens de wurkgroep giet it om op syn minst fjouwer asylsikers. In tal jonge asylsikers wurdt no opfongen troch de tsjerkeleden. Dy besykje de saak oan te kaarten.