Fryske sporten op ien dei

De Olympiade is in plan foar in nij evenemint. It idee is om fierljeppe, keatse en skûtsjesile op ien dei en ien lokaasje te dwaan. Yn juny 2012 moat it barre. It inisjatyf komt fan âld-fierljepper Evert Wilstra. It is ûnderdiel fan de Fryske Fiersichten. De provinsje stipet it plan mei 134.500 euro.
De Olympiade siket noch mear jildsjitters. It evenemint moat in pear tûzen besikers lûke en in jierlikse tradysje wurde.