Boer krijt boete by fee op dyk

08 des 2010 - 14:21
Foto: Omrop Fryslân

De plysje ropt boeren op om maatregels te nimmen dy't foarkomme dat har fee los oer de diken rinne kin.

Woansdeitemiddei rûn tusken Frjentsjer en Dronryp in keppel skiep oer de A31. De bisten wiene fia it iis op de sleat út it lân útnaaid. Neffens de plysje krije eigners in boete fan 90 euro as har fee losrint.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)