Ajax soe Foppe ha wolle

08 des 2010 - 12:47

Ajax soe Foppe de Haan frege hawwe om assistint fan de nije trener Frank de Boer te wurden. Dat melde ferskate media. De Haan is haadtrener fan de Súd-Afrikaanske fuotbalklup Ajax Cape Town. Hy soe mei de technysk direkteur dêr, Hennie Spijkerman, assistint fan De Boer wurde yn Amsterdam.

Neffens de boarnen soe Ajax Cape Town it duo lykwols net gean litte wolle. Ajax hie al earder belangstelling foar Foppe. Foarich jier waard Martin Jol trener. Hy is dizze wike opstapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)