Jild foar ideeën Westeinde

Seis inisjativen fan bewenners fan de wyk Westeinde yn Ljouwert wurde beleanne mei in wykweardebon. Mei de bon kin in tal plannen útfierd wurde. It giet om de oanlis fan in tegelmuorre mei foto's fan bewenners en it opknappen fan in boartersplak. Ek in buertbarbecue dy't fan 't simmer hâlden is, wurdt stipe fanút it projekt.
De gemeente Ljouwert hat 240.000 euro beskikber foar projekten yn wiken en doarpen.