Bouwmeester rint fierder út
Marit Bouwmeester hat har foarsprong op de ynternasjonale regatta yn Sydney fergrutte. Yn har Laser Radial waard se in kear earste en twadde. Nei it ôflukken fan it minste resultaat hat de sylster út Warten no sechstjin punten foarsprong op de Australise Alex South.
Roelof Bouwmeester kaam yn de Laser trije kear yn aksje. Ien kear hie er in falske start, fierder waard er sechsde en sânde. Yn de tuskenstân sakke Bouwmeester nei it fiifde plak.
Trefwurden:
argyf