Plysje pakt koperdief

08 des 2010 - 10:34
Foto: Omrop Fryslân

Yn Harns is tiisdeitejûn in man (43) út Ljouwert oanhâlden fanwege stellerij. Tsjûgen hiene de man sjoen op in bouterrein oan de Spinstrjitte en hiene de plysje belle. Doe't dy de man fûn, lei der lead en koper klear dat de man meinimme woe.

De fertochte is meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er ek noch in wike selstraf útsitte moast.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)