Man mei yllegaal fjoerwurk

08 des 2010 - 10:32

Yn Easterwâlde is tiisdeitejûn in man (35) út Waskemar oanhâlden. Hy hie yllegaal fjoerwurk by him.

Plysjes seagen de man oer de Opperhaudmare riden. Se hâlden him oan om't er nochal slingere. Se fûnen it fjoerwurk doe op de achterbank. De man hie syn rydbewiis net by him. De plysje hat him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)