Akwadukt yn A6 kin oanlein

De provinsje kin oan de slach mei de oanlis fan in akwadukt yn de A6. Dat komt yn plak fan de Skarsterrienbrêge. Ek de oanlis fan de N381 sûnder krúspunten is in stap tichterby kaam.
De projekten wiene ûnderdiel fan in moasje fan CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. Dy moasje is oannaam. Troch de moasje is it ryk ferplichte jild beskikber te stellen. Dat jild komt nei 2020 beskikber, mar de provinsje mei dat no al ynsette. It ryk sil dat bedrach dan letter werom betelje.