Jonge oerfallers snackbar pakt

De plysje hat tiisdei trije jonges (15, 18 en 20) út Wolvegea oanhâlden. Se wurde fertocht fan gewelddiedige oerfallen yn Aldskoat, op De Gordyk en yn Stienwyk. Ein oktober waard yn Aldskoat in snackbar oerfallen troch trije maskere manlju mei in mes. Se naaiden út mei jild en sigretten.
Trije dagen letter waard in man op De Gordyk oerfallen. It groepke wurdt ek fertocht fan oerfallen yn Stienwyk. De plysje kaam de fertochten op it spoar troch tips. De jonges sitte fêst.