Gjin ekstra jild nei Harmonie

De Harmonie yn Ljouwert krijt gjin ekstra jierlikse bydrage fan de gemeente. In oanfraach foar in subsydzje fan 244.000 euro is ôfwiisd troch it kolleezje. Wol lûkt Ljouwert in lytste 4 ton út foar it reparearjen fan in tekoart yn de begrutting.
Oan de jierlikse subsydzjebydrage fan 2,8 miljoen feroaret neat. De lêste jierren is de finansjele posysje fan de skouboarch minder wurden. De kosten nimme ta en it tal besikers nimt ôf.