Nij MFA foar Holwert

De nije multyfunksjonele akkommodaasje fan Holwert sil goed 2 miljoen euro kostje. De arsjitekt sil yn de hjerstfakânsje útlis jaan oer syn ûntwerp.
Alle sport, kultuer, it jongereinwurk en it pjutteboartersplak krije in plakje yn it nije sintrum dat om sporthal De Ynset hinne boud wurdt. Sa komt der bygelyks ek in teater yn it gebou. De gemeente betellet 1,3 miljoen, de rest komt fan provinsje, fûnsen en de ynset fan frijwilligers.