Grutte renovaasje Headaambrêge

© Omrop Fryslân
De Headaambrêge by de Alde Feanen is tenein en wurdt foar hast 1 miljoen euro renovearre. Fan moandei 13 desimber ôf giet de brêge net faker as trije kear deis iepen, mear kin net fanwege de slitaazje.
Healwei jannewaris wurdt demonteard foar de renovaazje. Underdielen fan de brêge wurde per skip nei stielbedriuw BSB yn Burgum brocht. Ferkear kin dan oer in pontonbrêge. Ek de molkweinen en oar swier ferkear kin dy brêge brûke.